Shakespeariaanske trageedzjes

De Shakespeariaanske trageedzjes binne de trageedzjes dy't oan 'e ein fan 'e sechstjinde en it begjin fan 'e santjinde iuw skreaun waarden troch de wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare. Hjirta hearre guon fan syn meast bewûndere toanielstikken, oftewol syn saneamde "fiif grutte trageedzjes": Hamlet, Kening Lear, Otello, Macbeth en Romeo en Julia. Dêrfan waarden de earste fjouwer, yn 'e mande mei syn measte oare trageedzjes, skreaun yn 'e perioade fan sân jier tusken 1601 en 1608. Romeo en Julia wie in ierder wurk, dat datearret fan 'e snuorje tusken 1591 en 1595.

De tradisjonele yndieling fan 'e toanielstikken fan Shakespeare yn trageedzjes, komeedzjes en histoaryske stikken is problematysk. Yn it foarste plak binne de saneamde histoaryske stikken ek allegear trageedzjes. Fierders soene guon trageedzjes ek wol ûnder de histoaryske stikken kategorisearre wurde kinne; fral Julius Caesar en Antonius en Kleopatra komme dêrfoar yn oanmerking. In bettere namme foar de histoaryske stikken is sadwaande "keningsstikken", mei't de trageedzjes dy't as de Shakespeariaanske histoaryske stikken bekendsteane, allegear oer Ingelske keningen geane. Symbelinus, ta ein beslút, waard yn 'e gesachhawwende First Folio, út 1623, ta de trageedzjes rekkene en wurdt dêr sadwaande oer it algemien noch by yndield, hoewol't men tsjintwurdich eins fynt dat it mear de eigenskippen fan in komeedzje hat.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search